Sneinsskoalle Rehoboth 75 jier (Gau, Goaiingea, Offenwier en omstreken)

Op snein 10 febrewaris is it dan sa fier; de reuny fan âld-lieders en liedsters opjûn om te kommen. Wy ferwachtsje dt it in tige noflik barren wurde sil yn Ús Gebou. Der sille fêst in soad herinneringen werom helle wurde oan dy moaie Sneinsskoalle-tiid. Om koart te gean, it sil in middei wurde mei in heech och heden ja-gehalte.

No soe it wêze kinne dat der noch guon binne dy’t harren dochs noch opjaan wolle, mar tinke dat sy te let binne. Neat is minder wier, jo kinne je noch hieltiid opjaan. Gjin probleem!

De kommisje Sneinsskoalle 75 is drok dwaande om in moai programma te meitsjen. Foar de útstalling yn tsjerke krije wy fan ferskate kanten aardiche saken oanlevere. Boekjes, foto’s, tekenblokken, musykinstruminten, notuleboeken, eins te folle om op te neamen. En ek it archyf fan Tseard Betten liket hast sûnder ein te wêzen.

Opjaan foar de reuny Sneinsskoalle-lieding? Moatte jo dwaan! Wurde jo bliid fan!!
sneinsskoalle75@gmail.com of belje 0515-521324 (fam. Huisman).

Kommisje Sneinsskoalle 75 jier,
Appie, Greetje, Grietsje, Jan, Renske en Tine.

De Nikolaas-tsjerke fan Gau is sneintejûn 10 febrewaris fan 19.00 – 20.30 oere iepen foar elkenien dy’t de útstalling oer 75 jier Sneinsskoalle Gau, Goaiingea, Offenwier e.o. besjen wol.

Advertenties