Sneon 28 Novimber
Sinteklaas komt ek dit jier wer yn de Legeaën.
Hy komt wol wat letter as oars. It is dan al wat tsjuster, mar mei alle ljochtsjes by de brêge moat Sinteklaas it fêst wol fine kinne.
16:00 oere Sint-Knutsel meitsje
Alle bern binne wolkom yn Ús Gebou Nim wol in lampioene-ljochtsje mei.
16:45 oere oankomst
Sinteklaas komt oan by de brêge yn Gau. Dernei fiere wy meielkoar yn Ús Gebou it grutte Sinteklaasfeest.
Tekeningen en ferlanglistjes foar Sinteklaas kinne yn de Sinteklaasbrievebus. (Boeijengastrjitte 24, Gau)
(Tink ek om de Sinte-bus foar de ûnkosten)